• Reuny kuorbalferiening WWC 50 jier

    18 mei 2020
  • Spitigernoch hat de kommisje dy’t har dwaande hâldt mei it tarieden fan de reuny en oare feestlikheden ter gelegenheid fan it 50 jierrich bestean fan k.f. WWC beslute moatten, om it feest sa as dat op 27 juny 2020 pland stie ôf te lassen. Sa as it no stiet, sille we foar 2021 in nije datum planne en fiere we dan it 50+1 jierrrich bestean fan de fúsjeklup WarDy-W.T.E.F.-Combinaasje.

    De plannen dy’t we makke ha bliuwe bestean en we kinne de ektra tiid dy’t ús no troch de Coronakrisis  oplein wurdt,  brûke om der mear ruchtberheid oan te jaan en it feest foar dan  noch feestliker te meitsjen. Foar earst  bliuw sûn , tink om elkoar en we hâlde jim op de hichte!