• WWC wint earste twa wedstriden fan Zunobri en Vitesse (BE)

    23 sep 2021
  • Ofrûne wike hat WWC har earste twa wedstriden fan it seizoen wûn.
    Op moandei te jûn spile de ploech fan Joke Koldijk de earste wedstriid tsjin it Zunobri út Zuidhorn.
    It wie in frij ienfâldige wedstriid foar de ploech út Mantgum/Wiuwert. WWC spile in goeie wedstriid, mar hie noch wat moeite mei de ôfrûning fan de kânsen dy’t se krigen. Ferdedigend wie WWC goed en makken it Zunobri erg moeilijk. WWC koe dizze wedstriid mei 16-8 winne en wie dit in prima start fan it seizoen.

    Op sneon te middei stapte WWC yn de auto nei Beilen om der in wedstriid te spyljen tsjin Vitesse.
    Op it hyt, smûk fjild yn Beilen moast WWC efkes de flow fine. Yn in moeizame earste helft mei in soad kânsen, maar weinig doelpunten gie WWC de rust yn mei 0-6. Der waard knap ferdedigt, mar ek yn dizze wedstriid wie de ôfrûning noch net optimaal. Yn it begjin fan de twadde helte koe WWC dochs gau útrinne en waard der faak scoort. WWC hie de wedstriid al lang nei har talutsen en it wie in kwestje fan rêstich útspylje. Ek hjir wist WWC de twa punten te pakken en de wedstriid einige yn in einstân fan 4-16.
    Sa hat WWC in prima start fan it nije seizoen mei fjouwer punten yn ‘e bûse.

    Kommende sneon spilet WWC om 13.00 oere tsjin Wêz Warber en Fluch yn Wiuwert